De Letterfretter

€ 18,99

De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker

In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân.

Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden.

Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy’t yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy’t yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei.

Fan 0 – 110 jier