Sipke komt op stoom

€ 9,99

Der is wurk oan ‘e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.

Alwer it sechsde Gouden Boekje oer it mûske Sipke! Twatalich: Frysk en Nederlânsk.